Ofslútdyk ôfset tsjin wynmûne

02 apr 2014 - 20:49
  • File op de Ofslútdyk

De aksjegroep Don Quichot set nije wike freed de Ofslútdyk folslein op slot. Mei help fan skippers binne se fan doel sawol it skipfeartferkear as it autoferkear stil te lizzen. Doel fan de aksje is om de provinsje sa fier te krijen dat se ôfsjogge fan de bou fan in grut wynmûnepark yn de Iselmar. Neffens Don Quichot is in grut part fan de Fryske befolking tsjin it park, mar wol Deputearre Steaten dochs tastimming jaan foar de plannen.

De ôfrûne dagen hawwe 50 minsken ynsprutsen by de harksit oer it wynpark, mar Don Quichot is der net fan oertsjûge dat dat genôch úthellet. Mei it blokkearjen fan de Ofslútdyk hoopje se dat de Steaten meikoarten tsjin de plannen stimme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)