Ofslútdyk net Ryksmonumint

22 nov 2009 - 09:54
  • De Ofslútdyk wurdt gjin Ryksmonumint

De Ofslútdyk wurdt net in beskerme monumint. Dat hat minister Plasterk besletten. De stifting Ofslútdyk hie der in fersyk foar yntsjinne, mar dat is ôfwiisd.

De minister hat foaral harke nei de advizen fan Wûnseradiel en Wieringen, de gemeenten dêr't de dyk tusken rint. Dy binne der beide negatyf oer. Sij fine dat de Ofslútdyk genôch beskerme wurdt. Se binne ek benaud dat de beskerme status beheiningen opsmyt foar nije ûntwikkeling op de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)