'Ofslútdyk moat fersterke'

25 jan 2006 - 12:36

De Ofslútdyk moat fersterke en modernisearre wurde. Dat konklúdearret Rykswettersteat nei in feiligenstoets dy't alle fiif jier hâlden wurdt.

It Ryk stelt hegere easken oan de dyk. It toetsingspeil leit no 2,5 meter heger. Rykswettersteat hat yntusken de earste maatregels nommen wêrtroch it wetter en de golfslach better ferdield wurde oer de wetterkearings. Der wurdt in stúdzje dien nei strukturele oplossings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)