Ofslútdyk koarte tiid ticht nei ûngelok by Surch

09 des 2014 - 13:53
  • In ûngelok mei in frachtwein soarge foar hinder op de Ofslútdyk

De Ofslútfyk fan Noard-Hollân nei Fryslân hat oan it begjin fan tiisdeitemiddei ôfsletten west fanwege in ûngelok mei in frachtwein. By Surch botste de frachtweinsjauffeur op in karre fan Rykswettersteat. De bestjoerder krige wat glês fan de foarrút yn syn gesicht, mar kaam fierder mei de skrik frij.

De skea oan de frachtwein en de karre is wol grut. De dyk wie nei hast in oere wer iepen foar it ferkear. Yn de tuskentiid ûntstie in lange file.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)