Ofslach Skylge set troch

14 des 2011 - 16:23

Skylge is de lêste jierren sa'n twa kilometer lytser wurden. Bewenners meitsje har dêr soargen oer, want de ôfslach set troch. It giet om de eastkant fan it eilân, de Cupidopolder mei dêrachter de Boschplaat. Rykswettersteat wol net yngripe om't de feilichheid net yn gefaar komt. Steatsboskbehear wol neat dwaan om't it dynamysk natoerbehear is. Se binne net fan doel om it sân wer oan te foljen. Troch de eroazje is lêsten in skipswrak te foarskyn kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)