Ofskiedwedstriid foar Talan

21 jul 2004 - 09:11

Hearrenfeanspiler Jeffrey_Talan krijt in ôfskiedwedstriid. De achtfâldich ynternasjonal hold der 1,5 jier ferlyn mei op fanwege in knibbelblessuere. Talan spile yn acht jier 167 kompetysjeduels foar Hearrenfean.

Op 3 augustus spilet in troch Talan gearstald team mei eks-Hearrenfeaners yn Katwyk tsjin de âlde klup fan Talan. Foppe_de_Haan sil coach wêze. Spilers dy´t frege binne: Lurling, Vonk, John_de_Jong, Klompe en Gerard_de_Nooijer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)