Ofskiedskado yn Wûnseradiel

29 mrt 2009 - 13:11
  • In ferske foar boargemaster Piersma

De gemeente Wûnseradiel wurdt mei yngong fan 1 jannewaris 2010 opheft yn ferbân mei de weryndieling fan gemeentes. De gemeente hat besletten om de ynwenners in ôfskiedskado te jaan. Om dit te realisearjen is der 200.000 euro oan mienskipsjild frijjûn.

Dit bedrach wurdt bestege oan in skiednisboek, stripboek of cd of in kombinaasje hjirfan. Bewenners meitsje har soargen om it grutte bedrach dat brûkt wurdt, foaral om de lêste ûntjouwings op de finansjele merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)