Ofskied by SC Cambuur falt Bob Schepers swier

21 maaie 2015 - 11:57

Bob Schepers ferlit SC Cambuur. En dat falt de 22-jierrige linksbûten swier. Schepers makke al op 17-jierrige leeftiid syn debút yn it earste alvetal fan Cambuur en waard sjoen as grutte belofte foar de takomst. Yn 2010 mocht er sels 5 dagen staazje rinne by it Ingelske Everton, mar ta in oergong kaam it net.

In jier letter stapte hy offisjeel oer nei FC Utrecht. Mei in hierkonstruksje bleau er dochs yn Ljouwert spyljen, mar hy koe de hege ferwachtings úteinlik net wiermeitsje. Syn kontrakt rint ôf en ferlinging sit der net yn.

ONS Snits is yntusken al in skoft yn ûnderhanneling mei Schepers, mar ta in oerienkomst is it noch hieltyd net kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)