Ofskied Pama fan Cambuur

15 jan 2011 - 12:41
  • Alex Pama

Cambuur hat freed ôfskied naam fan direkteur Alex Pama. Ferline wike waard bekend dat Pama yn oerlis mei it bestjoer besletten hat fuortendaliks op te hâlden, wylst it earst de bedoeling wie om it seizoen ôf te meitsjen. Hy wol graach werom nei Amearika, dêr't syn gesin wennet.

Flak foar de wedstryd tsjin FC Dordrecht, freed, pakte Pama de mikrofoan, om elkenien te tankjen foar de ôfrûne fiif jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)