Ofskied Friese Jeugd Brassband

21 sep 2013 - 15:58
  • de Friese Jeugd Brassband earder dit jier

It lêste optreden fan de Friese Jeugd Brassband is sneon 5 oktober yn Koudum. De dei sil fierd wurde mei in reüny en in ôfskiedskonsert. De Friese Jeugd Brassband hat 27 jier bestien. De animo foar de brassband rûn al in skoft werom. Kultuerynstelling Keunstwurk wol no úteinsette mei nije projektorkesten foar de jongerein wêrby't se audysje dwaan moatte en scout wurde. It ôfskiedkonsert is ek it ôfskied fan dirigint Durk Lautenbach, dy't ek mar leafst 27 jier de ynspirator wie fan de brassband.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)