Ofskied fan Tom van Mourik

21 mrt 2012 - 10:58

Tom van Mourik hat woansdeitemoarn ôfskied naam yn de steaten. De VVD-er is waarnimmmend boargemaster yn Menameradiel wurden. Dêr folge er Gerrie van Delft op. Van Mourik wie wethâlder op Flylân en foarsitter fan de VVD-fraksje yn de provinsjale steaten. Earder wie er wethâlder yn Ljouwert. Fanwege de weryndielingsplannen is Van Mourik waarnimmer wurden foar ûnbepaalde tiid. Aukje de Vries is de nije fraksjefoarsitter fan de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)