Ofskied boargemaster It Amelân

26 jan 2006 - 17:52

Boargemaster Paul Verhoeven fan it Amelân hat woansdei ôfskied nommen fan de gemeente. Verhoeven waard taprutsen troch riedsleden en kollega-bestjoerders. Dy fûnen him, sa seine sy juster, in kollegiale mar net altyd like maklike boargemaster.

Verhoeven sil no oan de slach as boargemaster fan de gemeente Heeze-Leende. Hans Lesterhuis is de tydlike ferfanger fan Verhoeven op it Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)