Ofskied Bilker fan Tryater

29 mrt 2012 - 11:03
  • Bearn Bilker

Foarsitter Bearn Bilker nimt ôfskied as foarsitter fan Tryater. Mei yngong fan 1 jannewaris hat er syn sit beskikber steld. Op 17 april is der in feestlik ôfskied. Bilker hat 15 jier yn it bestjoer fan teaterselsskip sitten, de lêste tsien jier as foarsitter.

Yn dy tiid hat er in soad wurk hân fan it behâld fan de subsydzjes. Ferline jier drige it selsskip de subsydzje fan it Ryk kwyt te reitsjen, mar mei troch de ynspannings fan Bilker kearde de Twadde Keamer dat foarnimmen fan steatssiktaris Halbe Zijlstra.

Wol wurdt flink besunige op it budzjet en moat Tryater mei folle minder jild ta. Tryater waard yn 1965 oprjochten en is ien fan de âldste selsskippen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)