Ofskie skoalmaster yn Aldlemmer

24 jul 2006 - 11:55

Iepenbiere basisskoalle De Lamer yn Aldlemmer ha ferline wike ôfskie naam fan master en direkteur Albert Bijlsma. Bijlsma hat tritich jier by de skoalle wurke.

Mei in spesjale feestjûn namen de 81 skoalbern ôfskie fan him. Sa wie der in spesjaal toanielstik en ek wiene der ferskate minsken dy't wat fertelden oer de tiid dat Bijlsma op de skoalle wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)