Ofskie riedsleden M'diel útsteld

14 mrt 2006 - 10:37

Menameradiel nimt tiisdei noch gjin ôfskie fan de sittende riedsleden. Dat komt omdat boargemaster Van Delft-Jaasma yn it sikehûs leit fanwege problemen mei it sykheljen. It giet alwer wat better mei har.

De ynstallaasje fan de nije riedsleden kin net sa maklik útsteld wurde. De gemeente hat noch oerlis mei de provinsje oer hoe't dat moat, no't de boargemaster net oanwêzich wêze kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)