Ofskie Herre Zonderland op WK

13 okt 2009 - 22:18
  • Herre Zonderland is kleur mei it turnjen op wrâldnivo (foto Martin de Jong)

Turner Herre Zonderland hat tiisdei ôfskie nommen fan it ynternasjonale poadium. Op it wrâldkampioenskip yn Londen die er mei oan de ûnderdielen sprong en flier. De skoares wiene net goed genôch foar in finaleplak.

Op de sprong hie Herre Zonderland in skoare fan 14.750 en op 'e flier 13.800. Zonderland is no klear by it WK. Yn Nederlân hat er noch it klupkampioenskip foar de boech. Dêrnei is it dien mei syn karriêre. Hy hat hast tsien jier foar Nederlân turne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)