Ofskie Fryske Jeugd Brassband

05 okt 2013 - 10:58
  • De Fryske Jeugd Brassband

Nei 27 jier komt der sneon in ein oan de Fryske Jeugd Brassband. Yn De Klink yn Koudum wurdt weromsjoen op de histoarje fan de band en wurdt der in grut ôfskiedskonsert jûn. De Brassband hâldt op omdat de provinsjale subsydzje stopset is. Keunstwurk ferdielde de subsydzje, mar neffens dy ynstânsje soe it sa wêze dat de belangstelling fan jongeren foar brassbandmuzyk ôfnimt.

Neffens de bandmanager is dêr gjin sprake fan, mar it beslút om op te hâlden is nommen en kin net mear omdraaid wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)