Ofskie fan strjitmuzikant

22 sep 2011 - 07:36
  • Radiza Todorovic, thús mei syn soan (foto: Omrop Fryslân)

Foar de bekende Boalserter strjitmuzikant Radiza Todorovic wurdt sneon in ôfskiedskonsert hâlden. De akkordeonist spilet alle freeds en sneonen by de Jumbosupermerk en is sa in bekende ferskining yn de stêd wurden. Nei in jierrenlange asylproseduere moatte de Romaflechtling en syn famylje it lân út en werom nei Servië. Op syn fêste plak by de winkel wurdt sneon foar him optreden en de stêdsdichter draacht in gedicht foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)