Ofskie boargemaster Van der Zaag

24 nov 2005 - 14:01

Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân nimt tongersdei ôfskie. Hy hat sechtjin jier boargemaster west yn de gemeente. Hy folge Smallenbroek op dy't oan de kant set waard nei drankgebrûk en in besite oan in nachtclub.

Van der Zaag hat him yn syn karriêre ynset foar Drachten as festigingsplak foar bedriuwen. Tongersdei is yn De Lawei in grut ôfskiesfeest. Van der Zaag wurdt opfolge troch Bert Middel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)