Ofsjitten guozzen komt letter

07 feb 2013 - 12:13
  • Guozzen

It ôfsjitten fan guozzen rint fertraging op. Dat ferwachtet it jagersbûn, no't pas nei it briedseizoen en it ferfearjen mei it ôfsjitten fan de fûgels begûn wurde kin. Lanlik moat de kommende jierren in heal miljoen stânguozzen deamakke wurde, omdat se in soad skea feroarsaakje. Dêr binne ôfspraken oer makke tusken de provinsje, boeren, natuerrorganisaasjes en jagers.

Deputearre Kramer begrypt it stânpunt fan de jagers, mar giet derfan út dat it dochs wol goed komt. Yn Fryslân moatte elk jier 10.000 guozzen ôfmakke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)