Ofsizzing strop foar WTC Expo

22 apr 2010 - 17:12
  • Foto: Omrop Fryslân

It net trochgean fan Domino Day yn Ljouwert is in strop foar it WTC Expo, seit direkteur Hoeksma. It grutte ynternasjonale evenemint mei de fallende stientsjes stie in wike lyn noch op 'e begrutting foar oktober oant en mei healwei desimber.

It giet net troch omdat der net genôch sponsors binne dy't in nij kontrakt fan trije jier tekenje wolle. Hoefolle jild dat it WTC-Expo skeelt, wol Hoeksma net sizze. Der wurdt no in oare brûker foar de hal socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)