Ofsizzing Sotsji 'net goed'

04 mrt 2014 - 17:10
  • Minister Edith Schippers fan Folkssûnens

Ald-paralympiër Maria Poiesz út Snits kin net goed oer de ôfsizzing fan de delegaasje. Minister Schippers, Prinses Margriet van Vollenhoven en har man Pieter van Vollenhoven hawwe tiisdei bekend makke net nei Sotsji te gean om de paralympiërs te stypjen.
Dat hat te krijen mei de situaasje tusken Ruslân en Oekraïne.

Poiesz fynt lykwols dat de politike diskusje net oer de holle fan de sporters útfochten wurde moat. Sels die de âld-paralympiër yn 2004 yn Athene mei oan de Spelen mei har sitfollybalploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)