Ofride mei in teleskoopbril

16 aug 2010 - 15:20

Foar minsken dy't net goed sjen kinne, is it dochs mooglik om it rydbewiis te heljen. Yn Ljouwert sil oer tsien dagen foar it earst in Fryske kandidaat ôfride. Mei in spesjale teleskoop yn in bril kinne minsken mei in fisuele beheining dochs goed genôch sjen yn it ferkear. Sûnt april ferline jier mei dit. Nederlân is it iennichste lân yn Europa mei sa'n wet.

Minsken dy't sa har rydbewiis helje moatte lykwols wol elke 5 jier op kontrôle komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)