Ofname donateurs soarget foar jildpine by Fûgelhelling

30 jan 2016 - 10:45
  • Fûgelhelling yn Oerterp

De Fûgelhelling yn Oerterp driget yn de finansjele problemen te kommen, no't it oantal donateurs de ôfrûne jierren ôfnaam is fan 2200 nei 1600. It bestjoer hat gemeenten, de provinsje en de Stichting Doen om subsydzje frege. De Fûgelhelling wol ek mear dwaan oan deibesteging, om sa jild op it kleed te krijen.

Fretten foar de bisten kin noch wol kocht wurde, mar grutte oankeapen lykas in gersmeaner wurde dreech. De Fûgelhelling hat ferline jier, mei 6500, minder bisten opfong as yn 2014. Doe waarden der noch 6900 bisten opfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)