Ofkard portret Beatrix te sjen

07 apr 2013 - 14:07
  • Keninginne Beatrix troch Anton Verhey

In portret fan Keninginne Beatrix makke yn opdracht fan de gemeente Weststellingwerf is fan hjoed ôf nei goed 30 jier wer te sjen. It portret waard by har ynhuldiging makke troch Anton Verhey út Aldeholtpea. It doek hat in skoft yn de riedsseal fan Weststellingwerf hongen, mar it waard satirysk neamd. Beartix soe te bolle wangen hawwe en te opsichtich klaaid wêze. De keunstner ûntkent dat it satirysk bedoeld wie.

Fanwege de lanlike ophef helle de gemeente it doek doe fuort en it ferdwûn yn in depot. It wurk is no te sjen yn Museum Gouda.

It doek fan Verhey is ûnderdiel fan in eksposysje mei wurk fan de keunstnergroep Distel. De eksposysje giet snein fan start en duorret oant en mei 17 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)