Offshore advys yn Ljouwert

14 mrt 2013 - 20:59

It advysburo London Offshore Consultants iepenet in festiging yn Ljouwert. It buro advisearret bedriuwen yn de oalje- en gasyndustry en offshore-wynenerzjy. It giet dan om bygelyks fersekeringskwestjes, oanspraaklikheid en ynspeksjes.

LOC hat al kantoaren yn Aberdeen yn Skotlân, Stavanger yn Noarwegen en London yn Ingelân. Mei it kantoar yn Nederlân hat it bedriuw no festigingsom de hiele Noardsee hinne. De festiging sit yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)