Offisjele ynstallaasje 1e Keamer

10 jun 2003 - 00:00

Tiisdeitemiddei binne de leden fan de nije Earste Keamer offisjeel ynstallearre. Fryske leden binne Hindrik ten Hoeve foar de Onafhankelijke Staatsfractie, Kobus Walsma fan it CDA en Bert Middel (PvdA).

Oer it lidmaatskip fan Ten Hoeve hat hiel wat te dwaan west. Trochdat der in ferkearde stim trochjûn wie, like it derop dat de Earste Keamer oan syn noas foarby gean soe. Nei in wertelling komt Ten Hoeve no dochs yn de Earste Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)