Lanlike start fytseksamen

19 maaie 2014 - 12:51
  • Johannes Rypma docht warming-up foar fytseksamen

By it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean wie moandei de lanlike ôftraap fan it fytseksamen. Guon gemeenten hawwe dat al hân, mar Veilig Verkeer Nederland hâldt op It Hearrenfean de offisjele iepening om ekstra omtinken te jaan oan skoalbern dy't nei de middelbere skoalle sille.

By it stadion stie in poadium dêr't boargemaster Tjeerd van der Zwan in taspraak hâlde en de bern in sportive warming-up krigen ûnder lieding fan sjonger Johannes Rypma. Mear as 500 bern fan 23 skoallen yn de gemeente Hearrenfean dogge fytseksamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)