Offisjele iepening wâldhúske

30 mrt 2002 - 00:00

Fjouwer bussen fol mei ynwenners fan Dantumadiel binne sneontemoarn ôfset nei it iepenloftmuseum yn Arnhem. Se ha dêr it wâldhúske besjoen dat earder yn Damwâld stie en yn Arnhem opnij opboud is.

Yn it wâldhúske wennet dit peaskewykein in gesin mei seis bern út Hoofddorp. Sy libje dizze dagen krekt sa as in arbeidersgesin yn 1947. Sneontemiddei is de wente offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)