Offisjele iepening Lawei op 23 maaie

02 jan 2015 - 12:00
  • Stef Avezaat yn de grutte seal fan De Lawei

Skouboarch De Lawei yn Drachten wurdt op sneon 23 maaie offisjeel iepene. Dy dei kin elk delkomme om alle romtes fan de ferboude Lawei te besjen. It wurdt in rûnlieding mei teatrale ferrassings, sa lit de skouboarch wite. Der wurdt ek noch wurke oan in bysûnder iepeningsact. De Lawei soe oarspronklik al yn oktober hielendal klear wêze, mar troch alle problemen mei de oannimmer hat de ferbouwing folle langer duorre.

Guon foarstellings moasten tydlik yn in tinte hâlden wurdt, mar no binne lang om let hast alle teatersealen wer klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)