Offisjeel pjutteboartersplak foar bern AZC Burgum

15 jan 2015 - 15:17
  • It pjutteboartersplak op it AZC fan Burgum

De bern fan it asylsikerssintrum yn Burgum kinne tenei terjochte op in offisjeel pjutterboartersplak op it sintrum. It boartersplak is tongersdei iepene.
Earder waard de opfang dien troch frijwilligers. Mar omdat der no genôch bern binne, kaam der jild beskikber fan de gemeente Tytsjerksteradiel en koe der profesjoneel personiel oanlutsen wurde.

Njonken frijwilligers binne der no twa profesjonele liedsters oan it wurk. Dat is belangryk, want dy kinne de bern better helpe mei de taal en mear struktuer biede. Der is romte foar 14 bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)