Offisieren byprate oer Frysk

03 jun 2010 - 12:29
  • Tom de Groot (foto: Omrop Fryslân)

Offisieren fan justysje dy't gjin Frysk ferstean en sittings dogge yn Ljouwert krije ynformaasje oer Frysk yn it rjochtsferkear. Se wurde ek wiisd op de mooglikheden fan in tolk of om in sitting oan te hâlden as in fertochte Frysk praat en de offisier it net ferstiet. Dat skriuwt haadoffisier fan justysje Bronsvoort yn in brief oan Thom de Groot.

De Groot hie in klacht yntsjinne omdat er him by in sitting ferbrekke moast. De offisier út Zwolle ferstie him net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)