"Offisier is gjin rjochter"

26 okt 2014 - 14:52

Offisieren fan justysje meie net op de stoel fan de rjochter sitten gean. Dat seit advokaat Tjalling van der Goot fan it buro Anker en Anker nei oanlieding fan insidinten mei twa fan syn kliïnten. Sy waarden fertocht fan it besit fan berneporno, mar waarden frijsprutsen troch de rjochter. Toch ferlearen beide harren baan omdat de offisier fan justysje yn de ûndersyksfaze de wurkjouwers op 'e hichte brocht hie. Van der Goot achtet de kâns grut dat dit faker foarkomt yn Nederlân. Hy is foarstanner fan in ûndersyk nei sokke praktiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)