Offinga opfolger Bargboer

12 okt 2010 - 16:42
  • Maarten Offinga (foto: Dirk Hol)

Maarten Offinga út Warkum wurdt de opfolger fan Jan Bargboer as listlûker fan it CDA yn Súdwest-Fryslân. Wethâlder Bargboer stapte op om't er in burn-out hat. De 47-jierrige Offinga wie de nûmer twa op 'e kandidatelist. Hy wurket as direkteur fan Legyon BV, in inisjatyf fan TNO en Vitens.

It CDA neamt it opstappen fan Bargboer in tebeksetter, mar is bliid mei Offinga as opfolger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)