'Offalwetter sikehûs suverje'

26 aug 2014 - 20:29

Yn it Antonius sikehûs yn Snits wurdt ynkoarten ûndersyk dien nei it suverjen fan sikehûsôffalwetter. Dêrfoar wurdt in spesjale 'Demosite' iepene. Yn it ôffalwetter fan sikehuzen sitte spoaren fan medisinen. Der is noch in soad ûndersyk nedich nei de suvering hjirfan. Yn de 'Demosite behandeling afvalwater Antonius Ziekenhuis Sneek', kinne bedriuwen nije technologyen teste en fierder ûntwikkelje.

It is in inisjatyf fan de gemeente Súdwest-Fryslân, Wetsus, Antonius Zorggroep, Wetterskip Fryslân en DeSaH bv.

Steatssekretaris Wilma Mansveld fan Ynfrastruktuer en Miljeu sil it takom moandei iepenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)