Offalstasjon Grou net oan A32

21 apr 2004 - 00:00

It nije ôffalstasjon yn Grou komt net op it eardere Heinekenterrein oan de A32. Dat waard tiisdei besletten op de riedsgearkomste fan Boarnsterhim. It bringplak sit no op de Blikpôle, mar moat dêrwei om't it oan de râne fan in wenwyk leit.

It frijkommen Heinekenterrein oan de A32 soe it nije plak wurde. Om't dat lykwols in sichtlokaasje is, wiisde de riedskommisje dat plak ôf. It kolleezje en de ried wiene it dêrmei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)