Offalprotest yn binnenfeart

26 des 2013 - 15:16
  • Binnenfeart

Froulju yn de binnenfeart komme yn aksje tsjin nije regels foar it ynleverjen fan hússmoargens fan skippen. Fan 1 jannewaris ôf kinne skippers yn Fryslân it ôffal net mear kwyt yn konteners by de slûs. Se moatte of in paske fan hast 500 euro it jier oanskaffe, of it ôffal op oare plakken ynleverje. Neffens de froulju is dit net earlik omdat by it havenjild ek al ôffalkosten berekkene wurde en se thús oan de wâl ek ôffalstoffeheffing betelje.

De froulju binne benaud dat in soad skippers de pûden mei hûssmoargens tenei oer board smite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)