'Offaloven wurdt rampdossier'

12 maaie 2011 - 12:57
  • Protestfolder tsjin de Omrinoven yn Harns

De ôffaloven fan Omrin by Harns kin útgroeie ta in rampdossier foar de provinsje Fryslân. Dat seit advokaat Sarolea fan in groep omwenners dy't tsjin de komst fan de oven binne.

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Harns freegje tongersdei oan deputearre Galema fan de provinsje de oven tydlik stil te lizzen. Der is noch te folle ûndúdlikens oer hokker gefolgen de útstjit fan reek hawwe kin foar omwenners en it miljeu. Der binne ek te folle steuringsoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)