Offaloven Harns stillein foar earste ferbetteringsronde

01 apr 2016 - 18:57
  • Omrin ôffaloven, Harns

De ôffaloven yn Harns leit fan freed ôf trije wike stil. Dizze ûnderhâldsperioade wurdt brûkt foar de earste ferbetteringen om de oven feiliger te meitsjen.

Ien fan de belangrykste punten is in test mei it doekefilter by de opstart fan de oven oer trije wiken. De opstart sil dan fia it doekefilter plakfine. Foarhinne barde dat net. De temperatuer is dan net heech genôch, wat net goed is foar it doekefilter. Risiko wie dan wol dat der ûnfiltere stoffen de loft ynkomme. By it opstarten oer trije wiken wurdt ek in dioksinemjitting dien.

Noch mar it begjin

In wurkgroep mei ûnder mear provinsje, gemeente Harns, Omrin en miljeusaakkundige Johan Vollenbroek prate kommende tiid fierder oer noch mear oanpassingen. In winsk fan de provinsje is dat de piip fan de ôffaloven omheech giet. Deputearre Michiel Schrier lit witte dat dit net maklik is. "Je hebt de Waddenvereniging die misschien wel zegt dat dat wel een hele grote fabriek is bij een bijzonder stuk erfgoed.'' Boppedat is de gemeenteried yn Harns tsjin it ferheegjen fan piip.

Kommende tiid moat bliken dwaan hokker maatregels der noch mear nommen wurde. Deputearre Schrier: "Er zou bijvoorbeeld een ijking van de temperatuur kunnen komen en het plaatsen van meer filters. Dit zijn allemaal zaken die we de komende fase gaan onderzoeken.''

Twangsom bliuwt stean

De twangsom dy't de provinsje ôffalferwurker Omrin oplein hat, bliuwt yn stân. "Die is er juist om er voor te zorgen dat het niet weer gebeurt. Als Omrin goede maatregelen neemt om dat te voorkomen, hoeven wij die dwangsom nooit op te leggen.''

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)