Offalkontrôle: 53 boetes

16 maaie 2014 - 15:47
  • Plysjekontrôle

De plysje hat woansdei op de A6 en de A7 by De Jouwer in kontrôle hâlden op ôffaltransport. Ek it skipsfeartferkear fan konteners oer it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer waard kontrolearre. De kontrôle makke diel út fan in grutskalige aksje, wêrby't plysje, dûane en de NVWA frachtweinen en skippen kontrolearren op ynhâld, gewicht en it byhâlden fan de tachograaf.

Ek yn it Grinslanner Kolham en it Drintse Hoogeveen waarden kontrôles holden. Mei-inoar krigen 53 sjauffeurs in boete.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)