Offal yn de brân stutsen by winkelsintrum Nijlân yn Ljouwert

31 des 2015 - 19:43

Yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei brân west efter de toskedokterspraktyk Van der Heide oan de Uterdyksterwei. Dat is by winkelsintrum Nijlân. Der lei in bulte ôffal tsjin de gevel oan en dy wie yn de brân stutsen. De brânwacht waard oproppen. Dy hat it fjoer útmakke.

De brânwacht hat letter noch in stikje fan de gevelbeplating losmakke, om der wis fan te wêzen dat it fjoer him net fierder útwreide nei it dak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)