Offal te betiid bûten set: boete

23 mrt 2006 - 08:54

23 ynwenners fan Ljouwert krije in boete fan fyftich euro om't se harren ôffal te betiid oan de dyk setten hawwe. Miljeukontroleurs fan de gemeente hawwe tiisdeitejûn de binnenstêd kontroleard. Der binne sawat hûndert jiskepûden fûn dy't te betiid oan de dyk stiene. It mei pas nei seis oere op woansdeitemoarns.

Yn 23 pûden binne adressen fûn. Dy minsken krije ynkoarten in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)