Offal Skier tenei ûndergrûnsk

12 jun 2009 - 09:19
  • Op Skier ferdwine konteners út it strjitbyld

Op Skiermûntseach steane tenei gjin grize konteners mear oan de dyk. Al it húshâldlik ôffal wurdt no ûndergrûnsk sammele en opslein. Boppe de grûn is allinnich in pylder te sjen. Dy kin mei in spesjaal paske iepene wurde. As de ûndergrûnske opslach hast fol is, krijt ôffalferwurker Omrin in seintsje sadat se de konteners leegje kinne.

Skiermûntseach is de iennichste Fryske gemeente der't al it húshâldlik ôffal ûndergrûnsk opslein wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)