Offal dumpe yn natoer nimt ta

09 jan 2014 - 15:57

Der wurdt hieltyd faker yllegaal ôffâl dumpt op grûn fan Steatsboskbehear yn Fryslân. Sa binne dizze wike âlde himpplanten, in bankstel en oare rommel fûn op in parkearplak tusken Oerterp en Sigerswâld. It wurdt altyd trochjûn oan de plysje, mar it is hiel dreech om de dieders te pakken.

Boskwachter Roel Vriesema ropt omwenjenden dêrom op om kentekens fan fertochte auto's oan de plysje troch te jaan. It yllegaal dumpen is hast net foar te kommen, omdat it meastentiids midden yn de nacht bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)