Offal better skiede smyt jild op

30 nov 2004 - 12:17

In weddenskip oer ôffal kin de Frijheidswyk yn Ljouwert jild opleverje. Oer in jier moat rest-ôffal mei 72.000 kilo werombrocht wêze. As dat slagget, krijt de wyk fan de gemeente 12.000 euro. Yn de wyk wurdt alle jierren 575.000 kilo smoargens ophelle.

Dat moat minder wurde troch rest-ôffal mear te skieden op papier, griente en túnguod. Der komt foarljochting. By sukses folgje oare wiken it foarbyld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)