Offal-app fan Omrin foar ynwenners Opsterlân

15 jan 2015 - 14:07

Opsterlân hat tongersdeitemoarn de ôffal-app fan Omrin offisjeel yn gebrûk naam. Mei dizze applikaasje kinne ynwenners fan de gemeente op harren smartphone of tablet sjen wannear it ôffal ophelle wurdt. Ek stiet der in skiedingswizer yn.

De app bestiet dit jier noch njonken de papieren ôffalkalender, mar dy wurdt fan takom jier ôf net mear ferspraat. Wa't gjin smartphone of tablet hat om de app te downloaden, kin de kalender op ynternet fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)