Ofdielings sintraal by CDA

06 jan 2011 - 10:29

In groep CDA'ers hat in manifest opsteld dêr't yn stiet dat de lokale ôfdielings sintraal stean moatte. It CDA moat tenei ek iepen ferkiezings hâlde foar alle fakatueres binnen de partij. Elk moat de kâns krije om him of har kandidaat te stellen.

De groep fynt dat it it ôfrûne jier net goed gie mei it CDA. Om de partij in nije start te jaan ha se it manifest skreaun. Op 15 jannewaris by de nijjiersresepsje fan de partij wolle se it presintearje

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)