Ofbaarnde himpkwekerij Nijewier mooglik famyljebedriuw

11 nov 2015 - 10:36
  • Skuorre yn Nijewier ôfbaarnd

De plysje hat tiisdei de bewenners fan it hûs oan de Bredewei yn Nijewier oanhâlden, nei't yn in skuorre op harren hiem in himpkwekerij ûntdutsen is. It giet om in 71-jierrige man, syn 74-jierrige frou en harren dochter fan 47 jier. Se wurde fertocht fan it meitsjen fan softdrugs. It trio sit fêst foar fierder ûndersyk.

Yn de skuorre op harren hiem bruts tiisdei healwei de moarn brân út, wernei't de kwekerij oan it ljocht kaam. De skuorre gie ferlern, mar de brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare gebouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)