Oerwinning foar Harkemase Boys

20 sep 2014 - 16:32
  • Sander van Dijken
  • De Boys fiere de iepeningstreffer
  • Arton Musliu

Harkemase Boys pakte sneon in 2-0 oerwinning op WVF. Yn Zwolle begûn WVF gefaarlik oan de striid. Sander van Dijken moast der oan te pas komme om de iepeningstreffer fan de thúsploech út it net te hâlden. De ploech fan trainer Jan Vlap werstelde him goed, wêrnei't Jesse Renken yn de 38e minút de 1-0 foar de Harkiten op it boerd sette. Op slach fan rêst makke Heine Uuldriks der 2-0 fan.

De Harkiten krigen yn de slotminuten fan de wedstryd in opleine kâns op de 3-0, mar de strafskop fan Robin Huisman de Jong waard keard troch de peal.

WVF einige de wedstriid mei tsien man, nei in reade kaart yn blessueretiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)