Oertsjûgende winst Hearrenfean

05 jul 2011 - 22:40

SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn Langsweagen mei 5-0 wûn fan Go Ahead Eagles. Nei twa oefenwedstriden tsjin amateurs wie de ploech út Deventer de earste serieuze tsjinstanner.

It iepeningsdoelpunt kaam fan de foet fan Filip Djuricic. Pas nei it skoft rint de skoare fierder op fia Daryl Janmaat, Luciano Narsingh (2 kear) en Oussama Assaidi. Linkerferdigener Jelle Ryckx krijt gjin kontrakt oanbean. De Belgysk jeugynternasjonal wie twa wiken op proef yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)